Wy soargje der foar
|
De Buitenplaats, fraai lizzend oan it Earnewâldster Wiid mei útsicht op it pittoreske doarpke Earnewâld, leit yn it hert fan Fryslân yn it midden fan it Nationaal Park “ De Alde Feanen”.
De Buitenplaats is net allinne in treflike lokaasje foar lunch of diner, mar ek hiel geskikt foar it hâlden fan feesten, resepsjes en gearkomsten. De ferskate sealen biede romte foar elke gelegenheid. De Buitenplaats makket optimaal gebrûk fan dizze omjouwing. De mooglikheden foar arranzjeminten en aktiviteiten wêr’t (wetter)sport kombinearre wurde kin mei iten, gearkomsten en feesten binne wit hoe folle…Dêrnjonken hat de Buitenplaats in rom terras oan it wetter wêr’t jo oant jûns let genietsje kinne fan in hearlik diner of in glês drinken.
Wolle jo op’ e hichte bliuwe fan ús aktiviteiten, meld jo dan oan foar ús nijsbrief! De nijsbrief sil in pear kear yn’t jier ferstjoerd wurde fia E-post..