Wy soargje der foar
|
De hjir fermelde betingsten binne fan tapassing op it brûken fan de website fan De Buitenplaats. Elke besiker fan de website is bûn oan dizze betingsten. De besiker ferklearret akkoard te gean dat hy sels de ferantwurdlikens hat om geregeld dizze regels en betingsten nei te lêzen en om de meast aktuele ferzje hjir fan te kennen.
Ynhâld website
Alle ynformaasje, yn de foarm fan tekst, bestannen as bylden as oars wat, wurde troch De Buitenplaats inkeld as ynformative titel beskikber steld.
Oanspraaklikens
De Buitenplaats kin net ferantwurdlik steld wurde foar de ûnwierheden of tekoartkommingen yn de gegevens sa’t dy fermeld steane op de site. Ynkorrekte gegevens of tekoartkommingen op de site jouwe gjin rjocht op in finansjele kompensaasje.
De brûker fan dizze website erkent mei klam dat de ferstrekte gegevens sa as teksten en grafyske eleminten beskerme binne troch yntellektuele eigendomsrjochten en eigendom binne en bliuwe fan De Buitenplaats. De folsleine of in part fan de werjefte, reproduksje, oanpassing en brûken fan kommersjele doelen op hokfoar wize fan de website fan De Buitenplaats is ferbean sûnder foarôfgeande skriftlike tastimming fan De Buitenplaats. It is ek ferbean om dizze ynformaasje elektroanysk te fersprieden of op te slaan mei útsûndering fan it automatysk opslaan yn it ‘ cache’ geheugen fan de browser.
By hast elk besyk oan in website wurde jo aksjes yn log files opslein op de webserver. De Buitenplaats beheint him ta de standert log files. Dat wol sizze dat De Buitenplaats inkeld de basis ynformaasje opslacht yn de log files. Dizze basisynformaasje jout oan op wat foar momint wat foar siden besjoen waarden. Dêrnjonken wurdt ek it IP adres fan de besiker opslein yn in databank. Dizze ynformaasje wurdt inkeld brûkt om de website noch mear ôf te stimmen op jo behoeften, om bepaalde trends te analysearjen, om de site te ûnderhâlden en om algemiene demografyske ynformaasje te sammeljen. De Buitenplaats makket gjin analyzes fan de IP adressen.
Op de website fan De Buitenplaats binne ferskate maatregels fan krêft om de ynformaasje fan ús besikers te beskermjen. Gefoelige ynformaasje dy’t wy krigen ha fia dizze site wurdt beskerme, sawol online as offline. Jo e-mailadres wurdt ûnder gjin inkel betingst trochjûn of ferkocht oan tredden. Jo ha it rjocht jo persoanlike ynformaasje dy’t by de Buitenplaats opslein waard op te freegjen en te wizigjen as dit nedich wêze soe. Stjoer hjirfoar in e-mail nei privacy@de-buitenplaats.nl
De Buitenplaats kin jo ynkommen ynformaasje brûke om De Buitenplaats nijsbrieven, enkêtes of ynformaasje nei jo adres te ferstjoeren, troch e-mail of troch standert briefwikseling. Yn elke kommunikaasje fan De Buitenplaats sil jo dúdlik de mooglikheid oanbean wurde om dizze service te stopjen.
links
De website fan De Buitenplaats hat links nei oare sites. De Buitenplaats oefent gjin inkele kontrôle út oer de foarneamde websites en nimt gjin inkele oanspraaklikens oangeande de ynhâld hjir fan. Wy riede ús besikers oan by it ferlitten fan de website fan De Buitenplaats it privacy statement te lêzen fan elke site dy’t persoanlike gegevens sammelt. It privacy statement fan de website fan De Buitenplaats slacht yn it gehiel net op de ynformaasje dy’t fia dizze site sammele is.
De Buitenplaats hâldt him it rjocht foar op elk stuit dizze disclaimer te wizigjen.