Nederlands | Frysk

Restaurant

Restaurant De Buitenplaats, prachtich lizzend oan it Earnewâldster Wiid, biedt in protte mooglikheden. It folslein modernisearre restaurant beskikt oer in sfearfolle bar mei de nijste wyntaap en ferskate soarten bier fan de taap. Tsjinoer de bar stiet in hege sit mei fraaie banken. It restaurant is eigentiidsk en hat in gesellige oanklaaiing. De kleuren binne goed ôfstimd yn wengé, read en oranje. In hearlike sithoeke foar it hurdfjoer, gesellige rookfauteuils en in goed sittende wite chesterfieldbank foar de hurd meitsje it gehiel kompleet. Dêrnjonken beskikt it restaurant oer in rom terras, wêr’t jo it ûndergean fan de sinne folgje kinne. It terras leit oan iepen farwetter, njonken de fytspont en hat útsicht op it pittoreske en gesellige doarpke Earnewâld.

Wy servearje yn ús restaurant hearlike gerjochten dy’t mei soarch gearstald binne troch ús sjef kok Harry Gerritsma en syn team. By dizze goed fersoarge gerjochten heart in goed glês wyn. Yn ús restaurant beskikke wy oer in wynbar. Hjir kinne wy 10 bûtengewoane winen skinke. Nei’t de wyn út de wynflesse tape wurdt, docht it systeem der daliks stikstof boppe op. Sa kinne de djoerste winen garandearre trije wike op smaak bliuwe.

Reservearjen is winsklik, telefoanysk 0511-539808.

Startside Kontakt Iepeningstiden Wurkje by ús UVH (Hoareka Betingsten) Nijsbrief Referinsjes Disclaimer Sitemap

Copyright © 2008 - 2012 De Bûtenpleats - restaurant • sealen • eveneminten. Alle rjochten foarbehâlden.

Realisaasje: Pronamic, Teksten: CommU2.