Nederlands | Frysk

Sealen

Foar jo kongres, seminar of bedriuwsfeest beskikke wy oer ferskate multyfunksjonele romten. Us noflike gearkomsteromten binne foarsjoen fan hjoeddeiske technyk. Sa kinne wy foar elk evenemint in geskikt programma meitsje; oft it no giet om 8 of 800 gasten. Op de earste etaazje binne twa gearkomstesealen. De Kleine Schipperszaal is geskikt foar lytse selskippen. De seal kin ek tsjinje as subseal foar gruttere byienkomsten. Njonken de Kleine Schipperszaal is de Grote Schipperszaal. De Kleine Schipperszaal kin tegearre mei de Grote Schipperszaal kombinearre wurde ta ien romte. Trochdat beide romten ûnder it skeane dak lizze is der in saaklike en dochs waarme útstrieling kreëarre. Beide sealen binne foarsjoen fan deiljocht. Under is gelegenheid om yn de Scheepsbar of yn it Kleine Restaurant in byienkomst te hâlden.

De Buitenplaats hat dêrnjonken de bûtengewoane beskikking oer it Grand Theater en de Binnenplaats. It Grand Theater is in unike en foaral brede romte. Yn it teater is in profesjonele rezjykeamer. Mei ús technyske tsjinst kinne wy jo de krekte stipe jaan mei elk evenemint. Bands fan grut formaat kinne op it romme poadium goed út’ e fuotten. In feestjûn, presintaasje, diner of seminar; ús teater is der geskikt foar.

Foar in feestjûn of in diner wurdt it teater faak kombinearre mei de Binnenplaats.

De Binnenplaats is de sintrale romte binnen it haadgebou. Likegoed lytse as grutte groepen meitsje breed gebrûk fan dizze romte. De Binnenplaats biedt in protte mooglikheden foar in besletten byienkomst mei in iepen sfear.

Startside Kontakt Iepeningstiden Wurkje by ús UVH (Hoareka Betingsten) Nijsbrief Referinsjes Disclaimer Sitemap

Copyright © 2008 - 2012 De Bûtenpleats - restaurant • sealen • eveneminten. Alle rjochten foarbehâlden.

Realisaasje: Pronamic, Teksten: CommU2.