Wy soargje der foar
|
Us terras is smûk en rom; mei it wrydske útsicht is it genietsjen fan de foarby farrende boatsjes, skûtsjes en fletten. Njonken it terras fart de pont hinne en wer en ûnderhâldt in ferbining mei it doarpke wat oan de oare kant leit. Op dit pittoreske doarpke Earnewâld ha jo fan it terras ôf in moai útsicht.
By moai waar servearje wy hjir ús lunch en diner. It terras is prima of te hieren foar in gesellige barbecue, ûntfangst fan jo seminar, jo bedriuwsevenemint of oare gelegenheid. Der steane 140 stuollen klear. Jo binne wolkom.